De Haan ropt Henrico Drost op

SC_Hearrenfean-spiler Henrico_Drost ferfangt Dirk Marcellis yn de seleksje fan Jong Oranje. PSV'er Marcellis hat lêst fan in knibbelblessuere, wêrtroch't hy freed yn de wedstriid tsjin Noarwegen ek al net meidwaan koe.
De ploech fan bûnskoach Foppe_de_Haan besiket him tiisdei te pleatsen foar it Europeesk Kampioenskip yn Sweden. In lykspul yn en tsjin Switserlân is genôch foar pleatsing foar dat EK.