Underskieding útrikt op Amelân

© Omrop Fryslân
Pier Soepboer fan Holwert hat sneontemiddei op It Amelân út hannen fan boargemaster Baas fan Dongeradiel in keninklike ûnderskieding krigen. Soepboer krijt de ûnderskieding yn it ramt fan syn fertsjinsten foar it waadrinnen.
Hy is ien fan de oprjochters fan Wadloopcentrum Fryslân, dat hjoed fjirtich jier bestiet. Pier Soepboer is ek de betinker fan in nije rûte fan de seedyk by Holwert nei It Amelân.