600-jierrich bestean Makkingea

Makkingea fiert dizze dagen it 600- jierrich bestean fan it doarp. Dat it doarp al sa âld is, is noch net sa lang bekend. Amateur-histoarikus Anne van der Helm ûntduts dat in pear jier lyn doe't er yn it argyf yn Utert in oarkunde fûn út 1408. De oarkunde giet oer in skeel oer de hier fan lân tusken de biskop fan Utert en in tal doarpen yn Stellingwerf, Skoatterwerf en Easterseelân.
De oarkunde is it âldste dokumint dêr't de namme Makkingea yn foarkomt.