Fjilden Frjentsjer net klear

It keunstgers is noch net nei't sin...
De swierrichheden mei de keunstgersfjilden by de fuotbalclub fan Frjentsjer binne noch net foarby.
No't de keunstgersmatten útrôle binne, docht bliken dat der twa ferskillende fjilden oanlein binne. Foarsitter Richard_Wester fan de fuotbalclub ferwachtet dat hjirtroch op 'e nij problemen ûntstean sille omdat ien fjild net yntinstyf brûkt wurde mei. Neffens Wester soe dit bestjutte kinne dat de trainingsplanning fan de club yn gefaar komt.