Baggerwurk yn Neare Galle Grou

© Omrop Fryslân
De gemeente Boarnsterhim begjint meikoarten mei it útbaggerjen fan de Neare Galle. Ut it wetter by Grou moat sa'n 10.000 kubike meter slyk helle wurde. It wetter wurdt sa geskikt makke foar sylskippen, as ûnderdiel fan de Steande Mêst-rûte.
It útbaggerjen fan de Neare Galle moat 1 desimber klear wêze. It slyk wurdt opslein op it provinsjaal baggerdepot by de Fonejacht.