Man smyt beferzen fleis út rút

In 21-jierrige man út Ljouwert is tongersdeitejûn troch de plysje oppakt omdat er in stik beferzen fleis út it rút smiten hie. Der rekke net ien ferwûne, mar de eigner fan de kroech oan de Grutte Heechstrjitte yn Ljouwert die dochs oanjefte by de plysje.
De man hie it stik fleis fûn doe't er nei it húske gie op de earste ferdjipping fan de kroech. Omdat er ek tefolle dronken hie, hat de plysje him meinommen nei it buro.