Hearrenfeanfroulju pakke winst

De froulju fan Sportklub Hearrenfean hawwe mei 2-1 wûn fan Roda JC. Hearrenfean begûn goed en kaam fia Sylvia Smit nei twa minuten op 1-0. Nei tweintich minuten makken de Limburgers de lykmakker. De ploech fan trainer Harry Sinkgraven krige dêrnei in soad kânsen, mar skoarde pas twa minuten foar tiid. It wie wer Sylvia Smit dy't soarge foar de winnende 2-1.
Hearrenfean is no tegearre mei ADO Den Haag dield earste mei fjouwer punten út twa wedstriden.