UNESCO posityf oer Waadgebiet

© Omrop Fryslân
De belutsenheid fan bewenners fan it Waadgebiet makket grutte yndruk op de ynspekteurs fan de UNESCO-wrâldlist. In delegaasje fan saakkundigen ûndersiket oft it Waadgebiet in plakje op dy list krije moat.
De Waadsee is neffens de eksperts in unyk gebiet wat de natuer oanbelanget. It gebiet is hiel wichtich foar fûgels. Foar it behâld fan de Waadsee is neffens de ynspekteurs de ynteraksje tusken de minsken en de natuer wichtich.