SWH-skûtsje fart tsjin brêge

© Omrop Fryslân
It wedstriidskûtsje fan Starum is tongersdei tsjin de Slauerhoffbrêge yn Ljouwert fearn. By de oanfarring bruts de mêst fan it skûtsje yn twaen. It skûtsje wie troch âld-skipper Meindert de Groot fêstlein oan in kotter dêr't er sels mei foer.
De botsing ûntstie neidat de twa boaten te betiid troch de iepensteande brêge hinne farre woene. Troch de klap bruts de mêst en rûn de brêge skea op. Undersyk moat no útwize oft de brêge faaks net fier genôch iepen wie.