Snits oan 'e hûspapierkontener
Alle huzen yn Snits krije konteners foar âld papier. Dy binne te ferlykjen mei de grize en GFT-bakken. In proef mei de papierkonteners oan hûs yn 'e wyk Tinga wie súksesfol. Fan alle bewenners die 85% mei. Sadwaande wurde de konteners no wyk foar wyk by de huzen delbrocht.
Skoallen, ferienings en tsjerken hâlde harren op it heden ek al dwaande mei it opheljen fan âld papier. Dêr sil by de fersprieding fan 'e papierkonteners rekken mei hâlden wurde.