Undersyk nei Waadgebiet

In byld fan it waad
Op dit stuit dogge twa ûnôfhinklike saakkundigen ûndersyk nei it Waadgebiet as dat in plak op 'e Wrâlderfguodlist fertsjinnet. Begjin dit jier hawwe minister Verburg fan LNV en har Dútske kollega Gabriel tegearre de oanfraach yntsjinne.
Mei in plak op de Wrâlderfguodlist kriget it Waadgebiet in beskerme status. De saakkundigen fan Unesco prate mei minsken dy't in soad witte fan it gebiet. It ûndersyk rint oant en mei 11 septimber.