Nije stúdzje foar topstudinten

De NHL sil mear oandacht jaan oan studinten dy't goed prestearje. Dat bart mei it nije stúdzjeprogramma Excellent Ondernemen. It úteinlike doel is dat 500 talintfolle studinten meidogge oan it stúdzje-ûnderdiel dat ien jier duorret. Allinnich studinten mei hege sifers wurde talitten.
De NHL fernimt dat der yn it HBO in soad ferlet is fan útdagender lesstof. It giet dan foaral om ûndernimmen, mar ek om ûndersyk. De stúdzje set takom jier út ein.