Ferskil gemeentlike belesting

© Omrop Fryslân
Gemeenten moatte dúdliker wêze oer it berekkenjen fan de belestingen. Dat wol de Keamer_fan_Keaphannel. De ferskillen tusken de gemeenten binne grut. Sa betelje ûndernimmers op Flylân 650 euro oan rioelbelesting per 500 kúb smoarch wetter, wylst dat yn Tytsjerksteradiel mar 90 euro is. Wêrom't dy ferskillen der binne, is ûndúdlik.
Mei it ûndersyk moat it makliker wurde foar bedriuwen om mei gemeenten te ûnderhanneljen oer de belestingen.