'Stedsjes net achter seedyk'

Starum wol net achter in hege seedyk
Hylpen, Starum en Warkum meie net achter in hege seedyk ferdwine. De oerheid soe alles op alles sette moatte om soks foar te kommen fynt wethâlder Smit fan Nijefurd. Hy reageart dêrmei op in advys fan de deltakommisje. De karakteristike stedsjes moatte net ferdwine.
De kommisje wol fan de Iselmar in wetterberging meitsje. It peil moat mei oardel meter omheech, de diken dêromhinne mei trije meter.