Ierdwaarmtesintrale op Skylge

Huzen Skylge ferwaarme troch ierdwaarmte
Huzen op Skylge wurde yn de takomst mooglik ferwaarme troch ierdwaarmte. Takom jier wurdt nei alle gedachten in ûndersyk dien nei de mooglikheid fan in ierdwaarmtesintrale op it eilân. Dy soe waarmte dy't frijkomt út hytwetterboarnen ûnder it eilân en yn de boaiem fan de Waadsee omsette kinne yn elektrisiteit.
In helberheidsûndersyk moat útwize oft it rendabel is. As de ierdwaarmtesintrale fan de grûn komt, soe it de earste yn Nederlân wêze.