Goede simmer by Omrop Fryslân

Ek Judith wie in grutte hit
De Simmer_yn_Fryslânkampanje fan Omrop Fryslân is goed oanslein. Eveneminten as it skûtsjesilen, de PC en Oerol wienen te folgjen op radio en tv. Sifers wize út dat it publyk dizze oanpak bot op priis stelt. Yn juny en july wie Omrop Fryslân fierwei it bêst beharke radiostasjon yn de provinsje.
Ek de televyzje die it goed. De PC wie mei goed 200.000 sjoggers in útsjitter. Ek it ferske Sin, sin, sinne waard in simmerhit. It is tûzenen kearen kear delhelle.