Webside Skarsterlân wer online

De ynternetside fan de gemeente Skarsterlân is wer berikber. De webside wie yn 'e nacht fan tiisdei op woansdei hacked troch in Turkse organisaasje. De motiven fan de klub binne net bekend.
Skarsterlân lit in ekspert útsykje hoe't it gebeure koe. Dêrnei wurde maatregels naam sadat it net wer gebeure kin.