Fryske woarst nei Afrika

Ganezen meitsje Fryske woarst
Twa Ganeeske boeren leare yn Dokkum Fryske woarst te meitsjen. Oant no ta ferkeapje se libjende bisten, mar se wolle ek bewurke fleisprodukten ferkeapje. Dat leare se mei help fan woarstemakker Weidenaar en oare bedriuwen.
De wurkbesite fan Ampofo en Samson is in projekt fan de ûntwikkelingsorganisaasje PUM. Yntusken ha de manlju twa masjines krigen dy't se yn Gana brûke kinne foar de produksje fan woarst.