Skeel oer oanbiedings alkohol

Alkohol yn de oanbieding, wol of net?
Supermerken binne net bliid mei de útspraak fan boargemaster Arie Aalberts oer it alkoholgebrûk fan jongerein. Neffens de boargemaster fan Dantumadiel kin hjir in ein oan komme as de supermerken gjin drank mear yn de oanbieding goaie.
Foar de supermerken yn Fryslân betsjutte de oanbiedings just in soad ekstra omset. Boargemaster en supermerken binne it iens dat it probleem troch de Twadde Keamer oanpakt wurde moat.