Skoalsilen Snits is in sukses

120 bern fan fjouwer skoallen út de gemeente Snits sille meidwaan oan it projekt skoalsilen. Ferline jier wie der in proef fan it projekt mei de St. Bonifatiusskoalle fan Snits. Dat wie sa'n sukses dat de gemeente it projekt útwreide hat.
It doel fan it skoalsilen is om de bern yn de kunde komme te litten mei it silen. De bedoeling is dat yn 2009 it silen foar alle skoallen yn de gemeente Snits mooglik is.