Fiadukt N31 tongersdei iepen

© Omrop Fryslân
It nije fiadukt oer de N31 by Surch giet tongersdei om fiif oere middeis iepen foar ferkear. Rykswettersteat set ferkearsbuorden del om de rûte oan te jaan. De âlde krusing by Surch giet freedtemoarn definityf ticht.
Rykswettersteat wurket al in skoft oan de ferdûbeling fan de dyk tusken Surch en Harns. Dy wurksumheden binne noch foar de ein fan dit jier klear.