Doarpsstipepunt foar De Himrik

© Omrop Fryslân
Der komt in doarpsstipepunt op De_Himrik. Ynwenners fan De Himrik kinne dêr terjochte mei fragen oer ûnder oare wenjen, soarch, frijwilligerswurk en putsjes yn en om it hûs. It is it twadde stipepunt foar de gemeente Opsterlân. Yn Wynjewâld is ek al sa´n loket.
It loket yn doarpshûs De_Bining fan De Himrik wurdt op tiisdei 9 septimber iepene.