Jong Hearrenfean wint mei 2-1

© Omrop Fryslân
Min spylje en dochs winne. Dat die Jong_Hearrenfean moandeitejûn op Sportpark Skoatterwâld tsjin Jong_Sparta mei 2-1. De ploech út Rotterdam hie it bettere fjildspul en kaam al nei 12 minuten op foarsprong troch in strafskop fan Jami_Jaliens.
Yn de twadde helte feroare der net it measte oan it spul, mar de thúsploech fan trainer Hans_de_Jong wie wol twa kear tûk. Paulo_Henrique mei in kopbal en Pedro_Beda mei in moaie aksje soargen foar de 2-1 oerwinning.