Mear taken foar Jorritsma

Kommissaris Jorritsma set him yn foar PR
Kommissaris fan de Keninginne John_Jorritsma sil syn portefúlje útwreidzje. Hy sil in tal taken fan CDA-deputearre Sjoerd Galema oernimme. It giet dan om saken lykas PR en it nei Fryslân heljen fan nije bedriuwen. Jorritsma makke dat moandeitejûn bekend yn televyzjeprogramma Brekking by Omrop_Fryslân, dêr´t er te gast wie.
Yn syn foarige funksje yn Brabân hie Jorritsma dy taken ek yn syn portefúlje.