Poldervaart nei SC Hearrenfean

Rob van Dijk werom nei Feyenoord
Michel_Poldervaart fan Feyenoord tekenet in kontrakt fan twa seizoenen by SC_Hearrenfean. De 20-jierrige fleugeloanfaller hat by Feyenoord de hiele jeugdoplieding folge, mar rekke troch blessueres net oan spyljen yn it heechste team by Feyenoord ta.
Keeper Rob_van_Dijk giet fan It Fean nei Feyenoord. Van Dijk (39) komt werom op it âlde nêst. Hy stie earder tusken 1992 en 1996 by Feyenoord ûnder de latte. Hy spile al hast 300 wedstriden yn ´e earedivyzje.