Schuil kampioen, Bos wint ek

Richard Schuil en Reinder Nummerdor binne snein yn Skeveningen Nederlânsk kampioen beachfoljebal wurden. Yn de finale wiene se te sterk foar Emiel Boersma en Bram Ronnes: 21-19 en 21-17.
Hurdfytser Jan Bos fan Nijhoarne hat snein syn earste oerwinning helle yn in klassiker. Bos kaam yn Utrecht nei 190 kilometer solo oer de einstreek yn de Ronde fan Midden-Nederlân.
Sierk-Jan de Haan fan Dokkum wûn de lêste etappe yn in Frânske rittekoers.