Postma wint DEV-klassemint

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Theo Postma fan Sweagerbosk hat snein it kritearium fan Eelde wûn. Dêrmei pakte er ek de einoerwinning yn it DEV-klassemint. Dat is in klassemint oer 33 kritearia. Earder wûnen ek Sierd Steigenga en Germ van der Burg alris dit klassemint.
Yn Eelde wie Postma de sterkste út in kopgroep fan fjouwer man. Om it klassemint te winnen moast hy acht punten goedmeitsje op Fokke Postma. Dy wie lykwols op fakânsje en dêrtroch koe Theo Postma de einoerwinning pakke.