Thomas Prager nei LASK Linz

© Omrop Fryslân
Hearrenfean-fuotballer Thomas_Prager hat yn LASK Linz syn nije klub fûn. It wie al earder dúdlik dat er Hearrenfean ferlitte soe. Prager keart dêrmei werom nei syn heitelân, mar opfallend is dat Linz yn de twadde divyzje spilet. De middenfjilder, dy't ek wolris selektearre waard foar it Eastenrykse alvetal, spilet dus net op it heechste nivo.
By Hearrenfean kaam Prager ta 58 wedstriden, dêr't er ien kear yn skoarde.