Matusiak fuort by Hearrenfean

Radoslaw Matusiak
Radoslaw_Matusiak komt net mear yn aksje foar de Sportklub_Hearrenfean. Sterker noch, hy hâldt hielendal op mei fuotbaljen. Dat lit alteast syn heit witte, fia de webside fan it Europeeske fuotbalbûn UEFA. De Poalske oanfaller hie noch in kontrakt foar twa jier op It Hearrenfean. Dat kontrakt is neffens direkteur Yme Kuiper yn goed oerlis beëinige.
Matusiak spile yn totaal 10 wedstriden foar de Sportklub Hearrenfean, dêr't hy ien kear yn skoarde.