Sikehuzen moatte sunich oan

© Omrop Fryslân
Sikehûs MCL en oare Fryske sikehuzen moatte de kommende wiken sunich omgean mei strielingsmateriaal dat brûkt wurdt foar diagnostysk ûndersyk. Omdat de kearnreaktor yn Petten derút leit, moatte de sikehuzen it materiaal, it saneamde molyndeen, út Súd-Afrika helje. Dêr stiet ek in kearnreaktor.
Yn de totale wrâld kin fan seis kearnreaktoaren strielingsmateriaal ôfnommen wurde. Trije binne op it stuit yn revyzje. It MCL ferwachtet gjin fertragings foar de pasjinten.