Radio Waddenzee bringt nijs

© Omrop Fryslân
Radio Waddenzee bringt meikoarten yn syn bulletins ek nijs út binnen- en bûtenlân. De stjoerder hat dêrta in oerienkomst sletten mei in parseburo. Oant no ta wie by Radio Waddenzee allinne nijs te hearren út de regio, benammen it miljeu krijt dêrby in soad omtinken.
Radio Waddensee makket syn programma's op in skip oan de Noarderpier yn Harns. De stjoerder rjochtet him benammen op 30-plussers.