Skoallen wolle konsjerzje

© Omrop Fryslân
Op iepenbiere basisskoalle de Riemsloot yn Appelskea is freed it Fryske startskot jûn foar de aksje 'Help, de school verzuipt'. It is in aksje fan 'e ûnderwiisbûnen om de konzjerzje werom te krijen op de basisskoalle. De bûnen fine dat masters en juffen te folle wurk dogge dat in konzjerzje ek dwaan kin.
Doel is om 150 miljoen euro fan it regear los te krijen om skoallen ekstra help te jaan. Alders kinne in petysje ûndertekenje.