Baggerjen Strobosker Trekfeart

© Omrop Fryslân
Yn opdracht fan de provinsje Fryslân wurdt takom wike fan start gien mei it baggerjen fan de twadde fase fan de Stobosker Trekfeart. It giet dan om it stik fanôf de Kalkhûsbrêge yn Westergeast oant it kanaal by Kollum.
It baggerjen is nedich omdat de farferbining nei it Prinses_Margrietkanaal fanút Dokkum oer Westergeast en Kollum net mear goed berikber is. It baggerjen yn dizze twadde fase duorret oant medio desimber.