Foppe selektearret Janmaat

Daryl Janmaat: by Jong Oranje
Hearrenfean-spiler Daryl_Janmaat is foar it earst yn syn karriêre selektearre foar Jong_Oranje. Bûnskoach Foppe_de_Haan hat Janmaat oproppen foar de EK-kwalifikaasjeduels tsjin Noarwegen en Switserlân.
Neist Janmaat binne ek syn ploechgenoaten Calvin_Jong-A-Pin en Roy_Beerens troch de Fryske oefenmaster oproppen. Jong_Oranje spilet op freed 5 septimber yn Kerkrade tsjin Noarwegen en fjouwer dagen letter tsjin Switserlân.