Becherer fuort by GGZ Fryslân

Max Becherer
Max Becherer, de foarsitter fan it bestjoer fan de GGZ Fryslân, stapt fuortendaliks op. Der bestiet tusken him en de ried fan tafersjoch in grut feskil fan ynsjoch oer hoe't de organisaasje bestjoerd wurde moat.
Om dy reden hat de ried fan tafersjoch de konklúzje lutsen dat der gjin plak mear is foar Becherer. Dy hat dêrop besletten syn funksje fuortendaliks del te lizzen. It wurk wurdt foarearst oernaam troch ien fan de oare bestjoerders fan de GGZ.