Yllegale reklame oanpakt

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen hat de ôfrûne tiid sa'n 20 ûndernimmers yn it bûtengebiet frege har yllegale reklamebuorden fuort te heljen. De measten hawwe gehoar jûn oan dat fersyk.
Achtkarspelen is dwaande om de wyldgroei oan reklame-uterings hurd oan te pakken, ek al omdat der faak gjin fergunning foar ferliend is. It is lykwols mar de fraach oft de gemeente oait hielendal fan it probleem ôf komt.