Gjin Filmhûs yn Frysk Museum

It Saailân is no noch leech
De gemeente Ljouwert, it Frysk_Museum en it Fersetsmuseum binne slim teloarsteld no´t it Filmhûs definityf ôfsjocht fan in ûnderkommen yn de nijbou fan it Frysk_Museum oan it Ljouwerter Saailân.
Neffens it Filmhûs jouwe provinsje en gemeente te min subsydzje om de earder oankundige ferhuzing betelje te kinnen. Doel wie dat sawol it Fersetsmuseum as it Filmhûs ûnderdak krije soene yn it nij te bouwen Frysk_Museum op it Saailân.