Underskiedingen foar rêders

© Omrop Fryslân
Yn Snits binne tongersdei fjouwer manlju ûnderskieden foar it rêden fan de 70-jierrige Gerrit Kuperus út Hilaard. Dy rekke op 3 desimber ferline jier mei syn auto yn it wetter en drige te ferdrinken. Fjouwer foarbygongers sprongen fuortendaliks yn it wetter om de man te rêden.
Boargemaster Brok fan Snits joech de fjouwer mannen tongersdeitemoarn de ûnderskieding fan de Maatschappij tot Redding van Drenkelingen.