Mark de Vries: 2 jier Cambuur

Mark de Vries trainde al langer mei
Spits Mark de Vries tekenet in kontrakt foar twa jier by SC Cambuur. De Vries trainde de ôfrûne wiken al mei yn Ljouwert, en dat foldocht him goed, sa seit er. De 33-jierrige oanfaller spile yn it ferline foar ferskate klubs yn binnen- en bûtenland wêrûnder SC Hearrenfean, Volendam, Heart of Midlothian en Leicester City.
De Vries kin takom freed yn de wedstryd tsjin FC Emmen al meidwaan. Mar hy begjint op de bank.