Berltsumer bromfytser oanriden

In 61-jierrige man út Berltsum is woansdei ferwûne rekke by in oanriding yn syn wenplak. It slachtoffer ried op syn bromfyts út Bitgum rjochting Berltsum doe´t in autobestjoerder út Sint_Jabik fan in bedriuweterrein ôf de dyk op ried. Hy seach de bromfytser te let en botste boppe-op him.
De man út Berltsum rekke ferwûne oan ´e holle en in skonk en waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De autobestjoerder kaam mei de skrik frij.