Gemalen wurde ielfreonliker

Wetterskip Fryslân wol tritich gemalen yn ´e provinsje fiskfreonliker meitsje. Derfoar wurdt 4,5 miljoen euro útlutsen. Foar dat jild wurde de gemalen oanpast foar gruttere iel. Dy wurde no troch de skroeven yn ´e gemalen fynmeald. Foar lytsere ieltsjes binne al spesjale swimtunnels makke.
De Fryske binnenfiskers ferwachtsje in posityf effekt op de fiskstân. Twadde-Keamerlid Lutz_Jacobi liet har woansdei foarljochtsje oer de fiskerij.