Fyftich tips moard De Blesse

Ida Klijnstra (foto: Plysje Fryslân)
De plysje hat nei de útstjoering fan Opsporing Verzocht op Nederlân 1 fyftich tips krigen oer de moard op De Blesse. Ida_Klijnstra waard dêr op 23 juny yn har hús deasketten. De tips gean oer de donkere Mercedessen dy´t sjoen binne yn it doarp en de minsken dy´t yn dy auto sieten.
De deis fan ´e moard en op 2 augustus is der beide kearen in ûnbekende donkere Mercedes yn it doarp sjoen. Dejinge dy´t de gouden tip jout, krijt in beleanning fan 20.000 euro.