Hûs fan Kultuer foar Ljouwert

Yn Ljouwert moat in hûs foar kultuer komme. Dat is de winsk fan teater Romein, stichting Parnas en it Friesland College. De Beurs soe in goede lokaasje wêze. It hûs soe in wichtige funksje krije moatte yn de Ljouwerter kulturele wrâld. It hûs foar kultuer soe de oplossing wêze foar de húsfestingsproblemen fan Parnas en Romein.
It soe ek in plak wêze kinne dêr´t alle keunstners telâne kinne foar kursussen, eksposysjes en oefenromtes.