Boaiem Noardeast ek ûndersykje

© Omrop Fryslân
De FNP-riedsfraksje fan Dongeradiel wol nei oanlieding fan it stillizzen fan de gaswinning yn Noardwest Fryslân witte oft dy problemen ek yn Noard-East Fryslân ûntstean kinne. Se fine dat ek yn dat gebiet in ûndersyk nei boaiemdelgong dien wurde moat.
De fraksje wol fan it gemeentebestjoer de lèste mjitgegevens witte en hearre hoe't dy yn ferhâlding mei de ferwachte delgong binne.