Undersyk Polderhoofdkanaal

It Polderhoofdkanaal by Nij Beets
Der moat in kommisje komme dy't ûndersiket oft der flaters makke binne by it befarber meitsjen fan it Polderhoofdkanaal. Dat wol politike partij yn Opsterlân OpsterLanders. Begjin dit jier waard it wurk oan it kanaal stillein nei beswieren.
It ûndersyk moat dúdlik meitsje wat der no krekt misgien is yn it projekt. De oanbefellings fan it ûndersyk kinne neffens de partij brûkt wurde foar oare grutte projekten. Op 8 septimber praat de ried oer it foarstel.