Keunst op lânbousilo´s Skier

De silo´s fan boeren op Skiermûntseach beskilderje litte troch keunstners. Dat is ien fan de ûnderdielen fan it projekt Kunst in de polder. It beskilderjen is ferline wike begûn. Keunstner Theo_Onnes hat doe de earste silo beskildere.
Moandei begûn er mei de twadde by buorkerij De_Branding. Onnes hat in bysûndere bining mei Skier, dat him ynspirearret. Syn pake kaam fan it eilân en hy komt al hiel lang en faak op ´Lytje Pôle´.