Motorplysje ferwûne by ûngelok

Oan It_Mûnein yn Drachten is tiisdeitemoarn in motorrider fan ´e plysje ferwûne rekke by in ûngelok. De motor ried op de dyk en waard oanriden troch in auto. In twadde auto dy´t by de motor del woe botste tsjin de motorplysje. Dy foel mei syn motor tsjin in parkearde plysje-auto dy´t by it buro stie.
De plysjeman is ferwûne oerbrocht nei it sikehûs. De krekte tadracht fan it ûngelok wurdt noch ûndersocht.