SMST konsintreart yn Harns

SMST giet nei Seaport Harns
Metaalbedriuw SMST konsintrearret syn aktiviteiten yn Harns. De produksjefestigings yn Frjentsjer en Snits wurde dêrmei op termyn sletten. It bedriuw, dat ûnder oare kranen foar de offshore-yndustry makket, hie ferlet fan mear romte.
It giet fierder goed mei SMST, sa lit it bedriuw witte. De reorganisaasje wurdt net trochfierd om te besunigjen of banen te skrassen. Krekt oarsom, de ferwachting is dat der takom jier bij SMST sa'n 100 minsken wurkje.