It Amelân krijt in biblioteek

© Omrop Fryslân
It Amelân krijt in echte biblioteek. No kinne de eilanners noch telâne by in bibliobus, mar fan 1 jannewaris 2009 ôf is der in fêste biblioteek, mei twa festigings.
De haadfestiging komt yn it VVV-kantoar yn Nes. Doarpsbelang Hollum woe graach ek in festiging ha. Dy komt yn it VVV kantoarke mei postagentskip yn it doarp. De komst fan de byb betsjut wol de ein fan 'e ANWB-winkel yn it doarp.