EOC bringt guod ta ûntploffing

Der waard frjemd guod fûn yn de wente
It eksplosive-oprommingskommando,it EOC, hat bûten Hylpen guod ta ûntploffing brocht dat fûn is yn de wente fan in 33-jierrige Hylper. Dy man moat sân fingers en in stik fan syn rjochterearm misse nei't in selsmakke bom yn syn hannen ûntplofte. Hy hie de bom by him yn de auto doe't er mei in kollega nei it wurk ried.
De kollega woe it eksplosyf net yn syn auto ha. Doe't de Hylper bûten stie en it eksplosyf ûntmantelje woe gie de bom ôf.